Keamer: rykstsjinsten spriede

05 mrt 2013 - 19:24

It Ryk moat fan de Twadde Keamer foarkomme dat alle rykstsjinsten út kwetsbere regio's fuortbesunige wurde. De fraksjes fan de VVD en de SP stipen in moasje fan de PvdA om minister Stef Blok dêr ta te twingen.

Blok moat de reorganisaasje fan de rykstsjinsten better koördinearje, fynt de Twadde Keamer, om krimpregio's te mijen. It giet bygelyks om de ferhuzing fan it Iepenbier Ministearje fan Ljouwert nei Grins, de reorganisaasje fan de finzenissen en de takomst fan de fleanbasis yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)