Keamer praat oer Vroeg op Stap

18 mrt 2008 - 10:55

De froulju fan de Fryske aksjegroep Vroeg op Stap tsjinje tiisdei yn de Twadde Keamer in foarstel yn om de slutingstiden yn de horeka te feroarjen. Myriam Loonen en Hannie Gorter út Sigerswâld fine dat alle kafees nachts om twa oere slute moatte.

Op ynternet ha se 120.000 hantekens ynsammele. Om as gewoane minsken in foarstel yn de Twadde Keamer dwaan te kinnen, hiene se op syn minst 40.000 nedich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)