Keamer praat oer provinsjewet

01 feb 2005 - 09:48

It lot fan 12 fan de 55 Fryske steateleden leit tiisdei yn hannen fan de Earste Keamer. Dy praat oer wizigings yn de provinsjewet. Om de provinsje slachfeardiger te meitsjen, wurdt it tal steateleden mooglik werombrocht.

At de wet wizige wurdt, hat dat konskwinsjes foar de politike partijen yn Fryslân. De lytsere fraksjes soene by folgjende ferkiezings de kiesdrompel wolris net helje kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)