Keamer nimt Taalwet oan

29 maaie 2013 - 23:12
  • De plenêre seal fan de Twadde Keamer
  • Minister Plasterk by it debat oer de Wet gebruik Friese taal

De Twadde Keamer hat woansdeitejûn de Taalwet oannommen. Yn de wet binne de rjochten foar it Frysk regele. De wet hat net allinnich in grutte symboalyske wearde, mar no is ek offisjeel fêstlein dat it Frysk de twadde rykstaal is. Je meie Frysk prate en skriuwe mei alle oerheden yn Fryslân.

Ofpraat is ek dat it Ryk eltse fiif jier in nije bestjoersôfspraak mei de provinsje meitsje moat oer it Frysk. De keamerleden grepen de fergadering oan om omtinken te freegjen foar de posysje fan Omrop Fryslân, mar wiene ferdield oer de ferskate moasjes.

SP en ChristenUnie kamen mei in moasje wêryn't it kabinet frege wurdt om net op Omrop Fryslân te besunigjen fanwege de bysûndere taak foar de Fryske taal en kultuer, mar dêr wie gjin mearderheid foar. SP-keamerlid Van Raak neamde it 'ûnfoarstelber' en 'tige teloarstellend' dat Lutz Jacobi, as grut foarfjochtster foar it Frysk, dizze moasje net stypje woe.Jacobi die de wurden fan Van Raak op har beurt ôf as 'populisme'. It debat wie sawiesa ridlik fûl. Twadde Keamerlid Sander de Rouwe hie ek noch in lytse oanfarring mei minister Plasterk. Beide fûnen dat de oar net goed harke nei de presintearre arguminten en antwurden.

Oer trije wike praat de Twadde Keamer oer de Mediawet. De posysje fan de Omrop sil dan op 'e nij besprutsen wurde. Minister Plasterk sei wol ta dat er de posysje fan Omrop Fryslân besprekke sil mei ferantwurdlik steatssiktaris Sander Dekker. Deputearre Jannewietske de Vries kundige oan dat de provinsje de kommende wiken 'stevich lobbye' sil om de posysje fan Omrop Fryslân goed te regeljen. Neffens har is de útgongsposysje troch it oannimmen fan de taalwet no 'in stik better'. Omropdirekteur Jan Koster makket him noch wol soargen oer de oplossing foar Omrop Fryslân. Hy fynt dat de keamerfraksjes besykje moatte om foar it mediadebat oer trije wike mei in mienskiplik stânpunt te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)