Keamer: beslút EVT te betiid

30 okt 2013 - 12:44
  • Rederij Doeksen en EVT

Steatssiktaris Wilma Mansveld mei net samar de oanlismooglikheden fan de EVT skrasse. De Twadde Keamer hat de steatssiktaris weromfluite. Mansveld wol dat de Eigen Veerdienst Terschelling yn febrewaris ophâldt mei farren. Neffens de Twadde Keamer giet sa'n maatregel fiersten te fier. Earst moat der fatsoenlik oer debatearre wurde. Dat bart ein novimber.

Mansveld hope mei it beslút in ein te meitsjen oan it lang rinnende konflikt tusken Doeksen en de EVT. Dat giet oer de feartsjinsten nei Flylân en Skylge.

Mansveld wol dat Doeksen in oankundige fermindering fan it tal fearten útstelt fanwege de grutte maatskiplike gefolgen hjirfan. Doeksen seit dat dit, sjoen de finansjele situaasje fan it bedriuw, net kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)