Keamer: 800 miljoen yn Waadfûns

24 nov 2004 - 09:46

De Twadde Keamer hat minister Dekker yn in moasje opdroegen om de kommende tweintich jier 800 miljoen euro yn it Waadfûns te stoarten. Frou Dekker woe net mear jild tasizze as 500 miljoen. Dat like har yn in tiid fan besunigings mear as foldwaande.

Under oanfiering fan D66 wol de Twadde Keamer dat it kabinet it advys fan 'e kommisje Meijer folget. Dy kommisje besifere dat 750 oant 800 miljoen nedich is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)