Kealtsje Skier noch net fûn

30 des 2004 - 12:52

Der is moandei en tiisdei wer socht nei in kealtsje dat al trije wiken fermist is op De Kwelder op Skiermûntseach. It bist is noch hieltyd spoarleas. It kealtsje ûntkaam begjin desimber mei de memmeko. De mem waard fongen nei in syktocht mei in helikopter. It bist is dêr sa fan yn de stress sketten, dat it noch altyd net op de poaten stean kin.

Oft it keal noch libbet, is ûnwis. De eigner bliuwt optimistysk. Neffens him is der op De Kwelder genôch fretten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)