Provinsje skrast subsydzjes

23 apr 2014 - 11:03

De provinsjale besunigings betsjutte foar guon maatskiplike organisaasjes dat se hast it hiele budzjet kwytreitsje. COC krijt no 52.000 euro fan de provinsje op in budzjet fan 68.000, as dat fuortfalt moatte se it gebou út en kinne se hast neat mear organisearje. Datselde jildt foar anty-diskriminaasjeburo Tûmba. Dy rekket 20% fan de subsydzje kwyt.

Gemeenten ha al oanjûn dat ek sy net fan plan binne de organisaasjes te stypjen, se bin dêrta net ferplichte en ha der gjin jild foar. Provinsjale Steaten beslute op 18 juny oer de besunigings.

De organisaasjes dêr't de provinsje op besunigje wol binne Humanitas, Solidair Fryslân, PKN, SFO, VG Belangen, Hoor Fryslân, Zorgbelang Fryslân, COC, FSU, Tûmba en Sensoor.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)