KC Boutiette wint Greenery Six

13 des 2004 - 10:17

De Amerikaanske hurdrider KC Boutiette hat de Greenery Six-maraton op syn namme skreaun. De sechde en lêste etappe yn Den Haach waard yn in massasprint wûn troch Roel van Hest foar de Frânsman Cedric Michaud en Boutiette. Jeroen de Vries fan Sint Nyk waard sechde yn it einklassemint.

Mischa Coolen fan It Hearrenfean hat snein de Greenery-trijedagemaraton foar froulju wûn. Yn de lêste wedstriid kaam se lykwols net op it poadium.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)