Kazemattenmuseum wurdt ynteraktyf nei werynrjochting

13 apr 2016 - 21:26
  • Kazemattemuseum

It earste part fan de werynrjochting fan it Kazemattenmuseum op de kop fan de Ofslútdyk is klear. Sûnt maart ferline jier wurdt der wurke om it museum oan te passen oan de easken fan dizze tiid.

De werynrjochting fan it besikerssintrum, twa kazematten, in Dútske bunker en twa soldateferbliuwen binne no klear. Dêr wurdt it ferhaal ferteld fan de bou fan de Ofslútdyk, de striid yn de Wûnsstelling en op Koarnwertersân yn de maaiedagen fan 1940.

It nije museum is aanst ynteraktyf, it publyk komt op dy wize suver mear yn it ferhaal te stean.

Museumwykein

De oanpassings fan it museum binne yn it museumwykein fan 23 en 24 april foar it earst te besjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)