Kazematten tevreden oer Ferry

25 aug 2008 - 21:37

It Kazemattenmuseum yn Koarnwertersân is goed te sprekken oer de Fast Ferry fan ferfiersbedriuw Connexxion. De boat, in rappe katamaran, fart sûnt augustus trije kear yn de wike nei it museum.

Der binne neffens it museum allinnich wol in pear minpuntsjes. Sa is net altyd dúdlik wer't de opstapplakken binne. Dêrneist is de priis fan it boatkaartsje wat oan de hege kant yn kombinaasje mei in besite oan it museum

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)