Kazemattemuseum wurdt fernijd

05 aug 2013 - 21:14

It Kazemattemuseum yn Koarnwertersân begjint fan 't winter mei in grutte werynrjochting. Dêrby wurdt de kolleksje hielendal opnij oer de âlde bunkers ferdield, om sa it ferhaal fan de bou fan de Ofslútdyk en it ûntstean fan de kazematten better te fertellen.

Sûnt de start fan it museum yn de jierren '80 is de presintaasje fan de kolleksje net mear echt oanpast, wylst der wol nije kazematten iepensteld binne. It museum wol boppedat mear omtinken jaan oan de tiid fan de kâlde oarloch.

Yn de tiid fan de kâlde oarloch waarden de kazematten noch brûkt troch it Amerikaanske leger en it hiele gebiet der omhinne waard ta ferbean gebiet ferklearre. Ut dy tiid is mar in hiel lyts bytsje bewarre bleaun. De ynformaasje is ek hiel ynkompleet.

Hawwe jo ynformaasje oer de kazematten yn de tiid fan de kâlde oarloch, lykas foto's of oar spul út dy tiid, dan kin je kontakt opnimme mei Henk Cieraad: 0512 - 544140, h.cieraad@upcmail.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)