Kazemattemuseum lûkt tûzen besikers mear

23 jan 2015 - 16:32

It Kazemattemuseum yn Koarnwertersân sjocht werom op in súksesfol jier. Yn 2014 luts it museum 13.500 besikers. It jier dêrfoar wienen dat hast tûzen minder. Under it tal bûtenlânske besikers wiene de measte Dútsk.

It jier 2015 sil ek in goed jier wurde. Net allinnich is it dit jier santich jier ferlyn dat Nederlân befrijd waard yn de Twadde Wrâldoarloch, it museum fiert ek dat 75 jier ferlyn de Dútske oanfal op Koarnwertersân wjerstien waard. Yn 2015 fiert it museum boppedat it 30-jierrich jubileum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)