Kazemattemuseum ferwachtet woansdei 10.000-ste besiker

19 aug 2015 - 10:40
  • Bunker op Koarnwertersân

It Kazemattemuseum yn Koarnwertersân ferwachtet woansdei syn 10.000-ste besiker. It seizoen begûn foar it museum teloarstellend, omdat de museumwike sa'n 800 besikers minder luts as oars. Neffens Anne van Schepen fan it museum slagget it lytsere musea net om in hiele wike iepen te wêzen. Hy wol dêrom graach dat der wer in museumwykein komt. It museum bestiet dit jier 30 jier.

Neffens Van Schepen is it te fernimmen dat de belangstelling foar de Twadde Wrâldoarloch tanimt. Sa komme der hieltiid mear skoalbern nei it museum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)