Kazachen op besite yn Fryslân

04 sep 2009 - 12:26

In delegaasje fan tsien minsken út Kazachstan is yn Fryslân om te besjen hoe't wy as Friezen mei it Frysk omgeane. Sy wolle benammen wite hoe't Fryslân de promoasje en it ûnderwiis fan eigen taal oanpakt.

Sûnt de fal fan 'e Sovjetuny yn 1991 en it ûnôfhinklik wurden fan har lân besykje de Kazachstanen om it Kazachstaansk wer mear yn gebrûk te nimmen. It Russysk is noch hieltyd de dominante taal en dat wolle se yn Kazachstan graach feroarje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)