Kayakkers oerlibje Ierlân

20 jul 2009 - 20:08

De kayakkers Paul en Marian de Haas út Koarnjum ha harren reis om Ierlân hinne folbrocht. Se peddelden sân wiken lang troch de Ierske See en Atlantyske Oseaan. Underweis kamen se haaien, dolfinen en hege golven tsjin.

De betûfte kayakkers ha in totaal 1600 kilometer ôflein. Paul de Haas kin elkenien in kayakreis oer in wylde see oanride, wol moat jo goed traind wêze. Wat de folgende reis wêze sil is noch net dúdlik. Mooglik keppelje se dan ek in goed doel oan de reis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)