Kavels Skarsterlân op ynternet

12 apr 2009 - 12:39
  • De webside fan Skarsterlân

Undernimmers dy't op syk binne nei in kavel, kinne by de gemeente Skarsterlân on-line sjen hokker kavels at der beskikber binne. De gemeente is dêrfoar in pilotprojekt begûn mei bedriuweterrein De Ekers.

Fia de webside fan Skarsterlân kinne ûndernimmers sjen hokker kavels al ferkocht of yn opsje binne en at der noch kavels beskikber binne foar de festiging fan in nije ûndernimming. Skarsterlân hat yn totaal acht bedriuweterreinen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)