'Kavels kinne net goedkeaper'

26 nov 2013 - 16:14
  • It gemeentehûs fan Skarsterlân op 'e Jouwer

De priis fan kavels op it yndustryterrein by Sint Nyk kin net leger, seit wethâlder Jan Benedictus fan Skarsterlân. Mocht der minder foar in kavel betelle wurde, dan sjit de gemeente der bot by yn en dy hat gjin reserve om dat te kompensearjen.

De krityk op de hege priis komt fan in groep ûndernimmers en fan doarpsbelang Sint Nyk. Dy hawwe de gemeente frege om de priis sakje te litten. Neffens harren leit de priis yn it doarp yn trochsneed 15 euro heger as yn omlizzende plakken. It punt stiet woansdei op de aginda fan de gemeenterie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)