Kavels bedriuweterrein te grut

04 des 2006 - 10:23

Lytsere bedriuwen moatte ek plak krije op de bedriuweterreinen yn Achtkarspelen. De gemeente sil dêr yn de takomst rekken mei hâlde. De kavels op de terreinen binne no foar lytsere ûndernimmings te grut. Der is lykwols wol belangstelling foar lytsere perselen.

Op bedriuweterrein De Swadde yn Bûtenpost is ûnderwilens al in oare oplossing fûn. Twa bedriuwen sille dêr in kavel diele.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)