Kaugom tsjin gatsjes yn tosken

29 sep 2006 - 17:22

It iten fan kaugom kin de kosten foar de toskedokter mei miljoenen werombringe. It giet dan net samar om kaugom, it giet om it produkt mei de stof xilitol dat produsearre wurdt by it fabryk LEAF yn Snits. Dy kaugom herstelt troch spesjale yngrediënten begjinnende gatsjes.

Soarchfersekerer VGZ hat it oppakt en sil pakjes stjoere nei al syn klanten. Foar LEAF is it in bûtenkâns, neffens direkteur Van Wilsum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)