Katterpillaar skrast premjêre

16 sep 2009 - 14:22
  • De Fryske band Katterpillaar bestiet út fjouwer bruorren

De premjêre fan de Fryske groep Katterpillaar yn Amsterdam giet snein net troch. Amsterdam docht snein mei oan de autofrije snein.

De gemeente jout Katterpillaar dêrom gjin tastimming om mei in auto troch de stêd te riden. De groep kin dêrtroch de apparatuer en ynstruminten net nei it teater De Engelenbak bringe. Der wurdt no socht nei in ferfangende datum. Katterpillaar hat in foarstelling dy't Krommels hjit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)