Katten yn beslach nommen

09 mrt 2007 - 15:35

De Bistebeskerming hat yn Frjentsjer op ien adres fyftjin katten yn beslach nommen. De bisten sieten yn te krappe koaien en kuorren, en se mochten der net út. Guon katten sieten yn de eigen urine en stront. Fierders hiene se gjin drinkwetter.

Tsien katten binne yn it hûs achterbleaun. De bewenster fan it hûs hat fierders noch trije hûnen. Mooglik wurde dy letter ek noch ophelle troch de Bistebekerming.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)