'Katten Skier sterilisearje'

08 feb 2013 - 18:34

De bistebeskerming wol net dat de sawat sechstich ferwyldere katten op Skiermûntseach ôfsketten wurde. Op it eilân is in soad oerlêst fan de katten. De bisten binne jagers en hawwe gjin natuerlike fijannen. Dêrom wolle ferskate ynstânsjes de bisten ôfmeitsje.

Mar neffens de bistebeskerming hat de maatregel gjin doel om't de populaasje katten frij gau wer like grut wurde sil. De bistebeskerming wol dat de katten sterilisearre en dêrnei wer útset wurde. Sa sil de populaasje fansels lytser wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)