Katten mei floeistof bespuite

16 sep 2013 - 14:18
  • (stockfoto)

Yn Droegeham binne tusken april en july katten bespuite mei in bitende floeistof. De plysje hat dêroer trije meldings krigen. Troch de bitende floeistof lit de hûd fan de katten los. Se reitsje dêrtroch swier ferwûne en binne op stjerren nei dea. De plysje hat alle gefallen fan bistemishanneling ûndersocht.

In tsjûge-oproep yn pleatslike media hat gjin ynformaasje opsmiten oer in mooglike dieder of dieders. Dêrom ropt de plysje no opnij minsken dy't wat sjoen hawwe fan de mishanneling op, harren te melden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)