Katten dumpt by Alde Feanen

12 jul 2008 - 13:29

Yn de buert fan de Alde Feanen is dizze wike in koai mei fjouwer katten yn de berm lâns de dyk fûn. In jonge fan 18 seach de bench stean yn de berm fan de Earnewarre tusken it natoergebied en de Wâldwei.

It liket der op dat de katten dumpt binne. Neffens de plysje binne de katten yn goeie kondysje en lykje it echte húskatten. De plysje wol graach kontakt mei minksen dy't mear witte oer wêr 't de bisten weikomme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)