Kattehater yn Kollumersweach

23 nov 2005 - 09:00

Katteleafhawwer Monique van Boxtel út Kollumersweach docht oanjefte by de plysje fanwege de mishanneling fan har kat Pluisje. It bist is besketten, in bistedokter hat tiisdei in kûgeltsje út de kop fan de kat fuorthelle.

Van Boxtel is lilk en tinkt dat der in kattehater aktyf is yn it doarp. Yn de ôfrûne njoggen moannen binne der op syn meast al sân katten yn Kollumersweach spoarleas ferdwûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)