Kattefergiftiger Lemmer pakt

07 apr 2007 - 14:10

Op 'e Lemmer is in man (70) oanhâlden foar fergiftiging fan fiif katten. Trije wiken lyn krige de plysje in melding oer trije deade katten op in hiem oan de Kadijk. It Sintraal Ynstitút foar Diersyktekontrôle stelde fêst dat de bisten fergiftige wiene. Ek twa oare katten wiene op dy wize om it libben kaam.

De dieder brûkte foar de fergiftigng ferbean lânbougif. De man hat bekend. Hy hat spyt fan syn die.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)