Katteferbliuwen biste-opfang De Wissel wurde opknapt

13 jul 2015 - 16:14
  • (stockfoto)

De provinsje hat 16.000 euro beskikber steld foar it opknappen fan de ferâldere katteferbliuwen fan biste-opfang De Wissel yn Ljouwert. Dêrmei is de biste-opfang út de brân holpen. De katten lykje it noch goed nei it sin te hawwen yn it âlde ferbliuw, mar foar de meiwurkers fan it asyl wie it in grutte ferromming doe't se de sinten út in provinsjaal fûns tasein krigen.

Nije keukentsjes, in bettere flier en klaupeallen moatte derfoar soargje dat de katten har noch better fermeitsje kinne. De ferbliuwen moatte sa gau mooglik opknapt wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)