"Katolike tsjerke moat de doarren iepensmite"

28 feb 2016 - 14:27
  • Biskop De Korte wijde de parochyseal fan Sint-Anne yn

"De katolike tsjerke moat de doarren iependwaan foar minsken dy't neat of kwalik wat mei it leauwen hawwe". Dat wie snein it boadskip van biskop De Korte by de ynwijing fan de parochyseal yn Sint-Anne. Dy parochyseal sit yn de romte neist de Verrijzenistsjerke en wurdt net allinnich brûkt foar tsjerklike aktiviteiten, mar is beskikber foar it hiele doarp.

Neffens it tsjerkebestoer kin de katolike tsjerke op dy wize bestean bliuwe yn Sint-Anne, dat lykas alle gemeenten te krijen hat mei in sterk weromrinnend oantal leden.

Fan de 80 parochys yn it noarden fan it lân sille der net mear as 20 oerbliuwe, is de ferwachting. Biskop De Korte is der foarstanner fan om it tsjerkegebou foar meardere saken te brûken en dat hoege neffens him net allinne tsjerklike byienkomsten te wêzen. De tsjerke moat it middelpunt wêze fan de hele mienskip, sa seit De Korte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)