Katalysatoaren stellen

19 okt 2010 - 11:05

By in ynbraak by Autorecycling Joure oan de Haskerfjildwei op De Jouwer binne tusken freedtemiddei en moandeitemoarn 150 katalysatoaren stellen. De skea leit om de seistûzen euro hinne. De dieders binne it bedriuw ynkaam troch oan de achterkant in doar te fernielen.

It is al de fjirde kear yn koarte tiid dat der ynbrutsen is by it autobedriuw. Alle kearen binne der katalysatoaren stellen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)