'Kat in Nood' yn romteneed

17 aug 2011 - 20:32

De stichting 'Kat in Nood' yn Drachtsterkompenije sit krap. De katte-opfang hat in goed jier lyn in nij ûnderkommen krigen, mar dat is no al wer te lyts. Der binne no mear as 140 katten. Boppedat is der in wachttiid fan mear as njoggen moanne. Der is ek in grut ferlet fan frijwilligers.

Der binne plannen foar nijbou, mar dêr is noch net jild genôch foar. Kat in Nood is ôfhinklik fan jeften en donaasjes en moat in berop op fûnsen dwaan om de útwreiding te tekostigjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)