Kastlein yn Warns iepenet winkeltsje yn kafee

15 feb 2016 - 17:34

De leefberens yn Warns wurdt hurd minder en dêrom moat der wat barre, dat fynt Wil Kuipers fan kafee-restaurant Op Warns yn it doarp. Hy iepenet yn maart in doarpswinkel yn syn eigen kafee.

De bakkers en de doarpswinkel dy't eartiids yn it doarp wiene, binne al in skoft ferlyn ophâlden, want it koe net mear út. Yn septimber ôfrûne jier hâlde de lêste bakker ek op. No moatte de doarpsbewenners nei in oar plak foar bôle of oare boadskippen.

De restauranteigener is benaud dat de toeristen aanst ek net mear nei it doarp komme om't der neat te krijen is, wylst hy foar syn restaurant altyd wol op sokke ynkomsten rekkene. De kastlein hat no besletten om sels broadjes, tsiis, bûter en molke te ferkeapjen'. Fan 24 maart ôf giet it restaurantwinkeltsje iepen fan acht oere moarns oant slutingstiid fan it kafee. Toeristen kinne dêr dus de hiele dei terjochte.

Kuipers hopet dat toeristen en bewenners it winkeltsje brûke sille, want neffens him sil it doarp oars deabliede. ''De winkel is in proef foar de kommende moannen, mar gelokkich hawwe wy it kafee noch dat altyd wol goed draait''.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)