Kassegebiet 4 kear sa grut

22 feb 2008 - 09:59
  • Sa komt it gebiet der út te sjen.
  • Grutte útwreiding kassegebiet by Seisbierrum

It glêstúnbougebiet by Seisbierrum wurdt hast fjouwer kear sa grut. De gemeente Frjentsjerteradiel en de provinsje ynvestearje 33 miljoen euro yn 'e útwreiding fan it kassegebiet. De plannen binne freed bekendmakke.

Oant 2016 komt der goed hûndert bunder oan kassen by. Nei ferwachting sil dat achthûndert nije banen opsmite. Neffens de provinsje moat it gebiet wol oantrekkelik bliuwe. Dêrom wurdt ek in soad omtinken jûn oan natuer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)