Kassaasje yn saak-Kooistra

22 jun 2011 - 12:27
  • It Gerjochtshôf yn Ljouwert (foto: Omrop Fryslân)

De 21-jierrige fertochte yn de saak- Niels Kooistra giet net akkoart mei de feroardieling foar moard troch it Gerjochtshôf. Hy krige tsien jier, nei in eardere feroardieling fan de rjochtbank ta tolve jier. De fertochte giet no yn kassaasje tsjin it Hôf.

De reden nei de Hege Ried te stappen is de útspraak foar moard. De fertochte fynt dat der sprake is fan deaslach. Syn advokaat Tjalling van der Goot seit dat it Hôf moard tin ûnderboud hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)