Kassaasje yn saak-Eastrum

20 aug 2008 - 11:29
  • it famke is oan de Tichelwei ferkrêfte

De man dy´t feroardiele is foar ferkrêfting fan in famke (13) út Eastrum, giet tsjin yn kassaasje. Syn advokaat fynt dat de Hege_Ried sjen moat oft it bewiis op de goede wize rûnbreide is. Ek fynt er dat it fersyk om tsjinûndersyk ûnterjochte ôfwiisd is.

De Grinzer (36) hat it famke yn desimber 2006 misbrûkt. In pear dagen letter waard er oppakt. It duorre lang foardat it Gerjochtshôf twa wiken lyn ta in útspraak komme koe. Dat hie te krijen mei ferskate DNA-ûndersiken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)