Kasino nei Ljouwert

20 apr 2005 - 21:43

Ljouwert krijt in Holland Casino, sa hat de gemeente woansdei bekendmakke. It Hearrenfean wie ek yn de race as festigingsplak, mar de direksje fan Holland Casino hat no foar Ljouwert keazen.

Ljouwert en It Hearrenfean woene it kasino graach hawwe omdat it in soad banen opsmyt. Ferwachte wurdt dat der sawat 200 minsken oan it wurk kinne. Der komt foarearst in tydlike festiging fan it kasino by it FEC.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)