Kasino De Lemmer oerfallen

03 maaie 2007 - 15:59
  • It kasino op de Lemmer

Trije manlju ha woansdeitejûn it kasino op 'e Lemmer oerfallen. De manlju hiene allegear in masker op en kamen om alve oere hinne it kasino yn. Op dat stuit wiene dêr seis besikers en ien meiwurker. De meiwurker waard mei in fjoerwapen bedrige. De oerfallers easken jild. Se binne útnaaid mei in ûnbekend jildbedrach.

De plysje hat in buertûndersyk dien en mei tsjûgen praat. Dat hat noch neat opsmiten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)