Kasino Balk opnij oerfallen

13 feb 2008 - 23:11

Foar de twadde kear yn in jier tiid is it kasino yn Balk oerfallen. Woansdeitejûn wist in man de ynhâld fan de kassa mei te krijen troch in meiwurker mei in mes te bedriigjen. Hy naaide dêrnei út. De plysje koe de man letter yn de omkriten fan it kasino oanhâlde. Ek waard it jild weromfûn.

It kasino yn Balk waard ferline jier maaie ek al oerfallen. Tsjin de dieders fan dy oerfal waarden koartlyn selstraffen easke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)