Kas jûns iepen om kaktus

05 maaie 2010 - 19:31
  • De blom fan de keninginne fan de nacht

De tropyske kas yn Beetstersweach giet de kommende dagen spesjaal op jûntiid iepen foar in bysûndere kaktus. Dy kaktus wurdt ek wol de keninginne fan de nacht neamd, omdat de blom allinnich jûns te sjen is. De blom giet om ûngefear acht oere iepen.

Nachts ûngefear twa oere is de blom al wer útbloeid. Oare jierren stie de kaktus ek yn bloei, mar de frijwilligers fan de tropyske kas wolle dat no graach oan belangstellenden sjen litte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)