Kartkampioen yn Jeugdjournaal

25 sep 2010 - 17:41

De Fryske priiswinnende jonge karter Nyck de Vries hat mei syn prestaasje it Jeugdjournaal helle. Nyck de Vries fan Snits waard ôfrûne snein yn Spanje wrâldkampioen karten. Opmerklik is dat er noch mar 15 jier is. Hy waard net wrâldkampioen yn 'e jeugdklasse,mar yn de klasse dêr't ek folwoeksenen oan meidogge.

Nyck begûn mei racen doe't er fjouwer jier wie. Hy wurdt begelaat troch it Formule 1-team, reizget de hiele wrâld oer en wint rûnom prizen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)