Karstkarel: "Friezen hawwe gjin echte grêfkultuer"

23 nov 2015 - 19:13
  • (stockfoto tsjerkhôf)

Friezen litte grêven te folle fertutearzje. Dat seit histoarikus en arsjitektuerkenner Peter Karstkarel. Tegearre mei syn frou Klaske hat hy goed 480 deade-ikkers yn Fryslân yn kaart brocht yn in boek. Wat him opfalt, is dat benammen âlde grêfstiennen min ûnderhâlden binne. Dat fynt Karstkarel skande.

Ien fan de foarbylden dêrfan is it grêf fan 'e ferneamde dûmny Zelle. Syn grêf yn Lekkum is fersutere. De moarmeren stien is oantaast. Karstkarel wol dat der in fûns komt foar ûnderhâld fan sokke stiennen.

.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)