Karrosserybedriuw Visser siket nije ambulânsebouwers

28 nov 2015 - 06:45

It Ljouwerter bedriuw Visser Carrosserie siket in soad nije wurknimmers en hat dêrom sneon in iepen dei yn it bedriuw. Troch in nije miljoene-oarder foar it meitsjen fan mobile kommunikaasjeweinen foar de Dútske merk, moat it bedriuw útwreidzje. In grutte levering foar ambulânses yn Amsterdam helpt ek mei.

Tusken 10.00 oere en 14.00 oere kinne minsken delkomme om in slach troch it bedriuw te meitsjen en harren cv efter te litten. Yn totaal is it bedriuw nei sa'n tolve minsken op syk. By it Ljouwerter bedriuw wurkje al 60 minsken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)