Karriêredei sikehûs Snits

24 apr 2010 - 12:15

It Antonius Sikehûs yn Snits hat ferlet fan dokters. Net spesjalisten mar generalisten dy't op de spoedeaskjende help wurkje kinne, want sokke dokters binne der net in soad. Dêrom is der sneon in karriêredei yn it sikehûs en op de Snitsermar.

Seis oankommende dokters ha belangstelling foar in baan yn Snits en krigen sneon ynformaasje oer it sikehûs. Ek komme saken as wenjen en rekreaasje oan bod. Om sjen te litten hoe moai it yn en om Snits is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)