Karnavalsoptocht stiet faai

09 feb 2013 - 12:46
  • Oerlangjen fan de kaai yn Drabbelterp
  • Karnaval yn Snits
  • Karnaval yn Snits
  • Karnaval yn Snits

De karnavalsoptocht yn Snits driget de kommende jierren net mear troch te gean. Dat waard sneon dúdlik op it Snitser stêdshûs by de oerdracht fan de kaai fan Drabbelterp-Snits. Oarsaak is de gemeentlike fergunning foar de optocht. Dêr binne safolle betingsten oan dat it hast net mear te dwaan is. Sa moat betelle wurde foar de plysje, der moatte in hiel soad EHBO'ers ynset wurde en it konfettykanon kin op in soad plakken net brûkt wurde.

Boargemaster Apotheker fan Súdwest-Fryslân rekkenet derop dat ien en oar yn oerlis wol op te lossen is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)