Karnaval minst populêr yn Fryslân

06 feb 2015 - 11:09
  • Karnaval Snits

Nearne yn ús lân is de belangstelling foar karnaval sa lyts as yn Fryslân. Dat docht bliken út ûndersyk fan Beslist.nl. Dat hat sjoen nei de fraach nei karnavalsklean, en dat ôfset tsjin it tal ynwenners yn de provinsjes. Fan alle provinsjes is de karnavalsskoare it lytst yn Fryslân. Yn Limboarch en Brabân libbet it feest it meast. Boppe de grutte rivieren falle Den Helder en Swolle op as plakken dêr't it karnaval wol fierd wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)