Karmerk foar ZuidOostZorg

23 feb 2012 - 15:11

De húshâldlike help fan ZuidOostZorg hat as earste organisaasje yn Nederlân it predikaat Goude Keurmerk krigen. Dat karmerk betsjut dat de soarch fan ZorgThuis en SchoonThuis foldocht oan alle kwaliteitseasken.

Belangryk dêrby is dat der goed oerlis is mei de kliïnten en dat de ôfspraken neikommen wurde. Dêrby wurdt safolle mooglik wurke op tiden dat it de kliïnten it bêste útkomt. De meiwurkers fan ZuidOostZorg wurkje yn de gemeenten Eaststellingwerf, Opsterlân en Smellingerlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)