Karmerk foar Snitser terreinen

08 jan 2008 - 12:28
  • Boargemaster Brok ûndertekenet it konvenant

De trije yndustryterreinen fan Snits hawwe it karmerk 'feilich ûndernimmen' krige. De 350 bedriuwen dêr hawwe mei de gemeente Snits, plysje en brânwacht ôfspraken makke oer it skjin en feilich meitsjen en hâlden fan 'e terreinen.

Snits is it fjirde plak yn Fryslân dat sa'n karmerk krijt. Earder hawwe terreinen yn Ljouwert, It Hearrenfean en Boalsert it karmerk ek al krige. It ynstitút KIWA jout de kwalifikaasje ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)