Karmerk foar Nij Smellinghe

27 okt 2014 - 19:19

Sikehûs Nij Smellinghe fan Drachten is folslein 'voedselveilig'. Moandei waarden de ôfdielingskeukens sertifiseard mei it spesjale karmerk. It tal punten wie sa heech dat sels de kwalifikaasje 'cum laude' taheakke waard.

De Fryske sikehuzen dogge it op dit mêd dochs al hiel goed, seit Gert Jan Hemmers, foarsitter fan de Stichting Veilig Voedsel.nl. De lanlike top 3 bestiet folslein út Fryske sikehuzen: it Sint Antonius fan Snits, de Tsjongerskâns fan It Hearrenfean en Nij Smellinghe fan Drachten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)