Karmerk foar Goudse tsiis

19 sep 2013 - 12:35
  • Fryske kij yn Den Haach yn it ramt fan de suveldei

Der komt in karmerk foar Goudse tsiis. Dat toant oan dat de tsiis yn Nederlân makke is op de orizjinele wize. Oeral op 'e wrâld meie produsinten Goudse tsiis meitsje en dat op de ferpakking sette. It karmerk moat no de konsumint de kar jaan om te kiezen foar de echte tsiis of de neimakke. Dat makke direkteur Tjeerd de Groot tongersdei bekend op de Fryske ambassade yn Den Haach. Tongersdei stiet súvel sintraal as tema. It karmerk wurdt in lyts logo mei dêrop de Nederlânske flagge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)