Karmasters keure jirpels

08 sep 2012 - 09:30

Brúnrot yn de poatjirpels is in ramp foar de eksport. Poaters dy't besmet binne groeie net. It betrouwen yn de Nederlânske bouboer soe yn ien klap fuort wêze. Omdat foar te kommen binne der tal fan karmasters op 'en paad om de fjilden dy't ferline wike yn Fryslân ûnder wetter stien ha te kontrolearjen.

De brúnrotbaktearje sit yn de sleatten. Der wurdt kontrolearre mei helikopters en troch karmasters op de grûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)